Nynke Laverman - Vida Triste lyrics

Published

0 335 0

Nynke Laverman - Vida Triste lyrics

Ivige drôvens ferneare Moat elts dy't him te bot oan 't leavjen wijt; Nea wie myn hert by steat te kearen, De leafde dy't troch de siel snijt. Op 'e nij socht myn tramtearre hert Fergees dyn boarst en lis him dêr ta rêste. 't Raast om treast foar in toarstich ferlet, Troch lust net te dwêsten. Eltse die moat men belije Ûntkomme oan boetsjen kin men nea, Oant de gleonens fan it lêste swiete frijen Fertarret yn 'e dea. Hoe lang kin men soms omearmje, Ien kear is de tiid wer oer; Kin men himsels dan nea beskermje En deadzje dat ferflokte fjoer? Ik wit: leafde is sûnde. Straf giet dêrom net oan my foarby: Foar ivich wurdt myn hert ferwûne Troch immen dy't nea joech om my.