Nynke Laverman - De Ûntdekker lyrics

Published

0 332 0

Nynke Laverman - De Ûntdekker lyrics

Leaf hie hy it lân dêr ´t syn skip op ta fleach, Leaf, as in frou ´t ferskûle kommen dat sy draacht. Oer ´t lân dat syn tinzen betsjoende, dreamde er sa graach En as de boech opkaam op in hege weach Dan fermoed´ er libben ûnder fierten, Ûnder fierten, sûzjend yn ´e slom, Wylst it skip trochfear, d´ oansteande berte yn ´e mjitte, Bûnzjende weagen ferpulverjend ta skom. Mar doe´t it lân him bleatjoech, wie ´t as hie er it ferret. Neat ferbûn harr´. Gjin string stil en ûnsichtber wie der tusken harren. Hy winske it fuort wer ûnûntdutsen, hy winske – mar wie al te let. It wie al te let: Iepen en bleat wie it foar elts te sjen. Ferslein is er wer ôfset; Wat bleau him oer as dom de see te folgjen, syn skip swier fan smert, Syn fjoer berutsen, en leech oer seeën fan leegte te farren.