Nynke Laverman - De Toek-Toek Tuorren lyrics

Published

0 385 0

Nynke Laverman - De Toek-Toek Tuorren lyrics

As de jûn ferdwynt Yn 'e bûse fan de nacht En de kears giet út En de sliep komt op Dan falle de kevers Toek-toek-toek-toek Dan falle de kevers Sliep mar sêft nomadebern De toek-toek tuorren falle Se bringe dy dyn dreamen Toek-toek-toek-toek Hear, dêr gean de toek-toek tuorren Se falle út 'e himel Se bringe dy dyn dreamen Toek-toek-toek-toek Yn it lân fan wite tinten Hingje tuorkes oan it tek Nimmen sjocht se Nimmen heart se Op 'e kop boppe de minsken Hingje lytse swarte kevers Oan it wite tintetek Oerdei fange se tinzen Sammelje se wurden Alles tocht en alles sprutsen Wurdt mei flyt byinoar brocht Yn minuskúle dreampakketsjes Wûnderlik kompakt Dy't se bine foar har búkjes Lytse bomkes foar de nacht Sliep mar sêft nomadebern De toek-toek tuorren falle Se bringe dy dyn dreamen Toek-toek-toek-toek Hear, dêr gean de toek-toek tuorren De spegels fan 'e siele Se bringe dy dyn dreamen Toek-toek-toek-toek Wienen hjoed dyn bedoelings goed Yn tinken en yn sizzen Dan wachtet dy in swiete dream Toek-toek-toek-toek Kamen dyn wurden út it hert Of wienen dyn pylken giftich De toek-toek tuorren falle En bringe it dy werom Yn it lân fan wite tinten Hingje tuorkes oan it tek Nimmen sjocht se Nimmen heart se Op 'e kop boppe de minsken Hingje lytse swarte kevers Oan it wite tintetek Dare devils op de Fjouwerkante meter Einleas einleas efteroer In frije fal fan meters meters Parasjutisten sûnder sweefdoek Alle nachten op 'e nij Oant de lâning op it skyld Toek-toek-toek-toek En de dreamen springe frij