Yn my ûntwuollet him wêroan't ik stjerre sil: Oan de iggen fan 'e Taag. 't Ofrinnend giel, it streamen traach, Nearne is it moaier en drôver, En 't bestean ferheven en ferdôvjend. By't ljocht fan 'e dei strún ik om oer de prado's, By't tsjuster hear ik de fado's Kleien oant djip yn 'e nacht: "A vida é imensa tristura" De kwaal dy't wachtet krijt my stadich yn 'e macht. Hjir hat it sin om te stjerren, Wêr't alles swolget, gleon swolget yn smert: Lisboa, ea stêd fan alle stêden, Tôgjend mei 't ferline oant no ta, Ruïnes mei rom betiizjend. Warleas wurd ik troch dizze waan betoov're, Ek ik haw ûntdutsen en feroov're En oan 'e ein gie 't wer teloar, Om hjir te stjerren: "tudo é dor".