Nynke Laverman - Angústia lyrics

Published

0 311 0

Nynke Laverman - Angústia lyrics

De see lûkt ûnder it swart fan de nachten Nei ferskate fergetten strânen; As floeibere winen binne syn klachten En sâlt, sa´ t triennen brâne. Oeral dêr´t de kusten krekt Binne as betrienne eagen Troch de brâning dy´t yn snikken brekt, Fiel ik myn lijen smeekjen mei syn weagen Om de genede dy´t ´k ferlear, Om te wêzen wêr 't ik wol: tichtby dy. 't Leafst soe ik swalkje sûnder skip en sûnder kear Oer seeën, alle kimen foarby. Want nearne op dizze wrâld en oeral, Doarmet as it skynsel fan de moanne út de wolken, Myn fertriet, helder en blyn tagelyk, troch it hielal En wol him ferdrinke, ferdrinke yn kolken. Ik wit: de see en ik, Yn ´t swart fan de nachten binne wy te hearren. Om ien fertriet woelje wy tegearre; Op ´t oeverleas bêd wine wy om oant in snik. Oeral dêr´t de kusten krekt Binne as swier betrienne eagen Troch de brâning dy´t yn snikken brekt, Fiel ik myn lijen smeekjen mei syn weagen Om de genede dy´t ´k ferlear Om te wêzen wêr´t ik wol: tichtby dy. 't Leafst soe ik swalkje sûnder skip en sûnder kear Oer seeën, alle kimen foarby.