Nynke Laverman - Snie Yn Augustus lyrics

Published

0 324 0

Nynke Laverman - Snie Yn Augustus lyrics

Hiesto it tocht Doe't alle oaren Mei wetter goaiden En wy te wiet en Te wurch om ús Fjurke noch Geande ús Fuotten ferdraaiden En elk In eigen wei Hiesto it tocht Hiesto it tocht Doe't ik klokken Ferstoppe om Oeren dagen in Libben te sparjen Dat letter miskien Dat wisten je net Doe't it snijde Yn desimber Lykas oare jierren En de kjeld In âld ferhaal Hiesto it tocht Snie yn augustus Dizze leafde Snie yn augustus It kin eins net En dochs Hiesto it tocht Doe't der oeral Apen en bearen Grutte beswieren En de mienings Ferdield Doe't wy mei Doarren sloegen Om hiel dúdlike Punten Dy't dochs wer Komma's En al gau In nije doar Hiesto it tocht Snie yn augustus Dizze leafde Snie yn augustus It kin eins net En dochs Mar dat it eins net kin En dat it dochs Geloksbeestjes yn Lúsjefersdoaskes Sjogge je eins nea En dochs