Nynke Laverman - Narantuya lyrics

Published

0 282 0

Nynke Laverman - Narantuya lyrics

Har hannen Opdroege mei it waskwetter Seagje beam en streakje skiep Seagje beam en streakje skiep Al jierren jierren sûnt sy faam En klear om blommen út te tearen Foar de man dy't nimmer kaam Har heupen Bryktôge op it berchlân Sitte kruk en ride hynst Sitte kruk en ride hynst Mar de rook fan âlde langst Hinget noch altyd om har hinne As sy fjoer slacht yn 'e kachel Lekkens wasket yn 'e sinne Naraa Har tearen Ynprinte mei it sinneljocht Jouwe skrift oan har gesicht Jouwe skrift oan har gesicht Fertelle frjemden in ferhaal Mar de skra**en op 'e siele Swije yn in eigen taal Op jûnen fan ferjitte Skoot sy oan en krûpt sy wei Yn 'e waarmte fan de minsken Skinkt en drinkt sy glimkjend mei Naraa Fansels de leafde moat besongen Elts in liet mei lûde stim Wylst de wodka boaiem rekket Brekt ynienen har stille glim Sy stiet op tusken de oaren Skuort de klean út yn 'e snie En gûlt har liet op tsjin de bergen In wolvinne ûnder skiep