Nynke Laverman - It Sielewyfke lyrics

Published

0 321 0

Nynke Laverman - It Sielewyfke lyrics

Se siket noch, it sielewyfke Har flugge fingers hâlde yn Bliuwe hingjen boppe tafel Bliuwe hingjen yn 'e tiid In fûgel raast, se komt oerein Se wit de wrâld dy't wachtet Se grypt it finster, himet út De wyn aait sêft in âlde rêch Se set har wer, it sielewyfke En jout har oan 'e keunsten oer Se lit har hannen dûnsje Se lit har hannen dwaan Hoeden meitsje wolken romte Deiljocht flammet witer op De wyn hâldt koart de siken yn En dan is it bard Se glimket stil, it sielewyfke Wer stiet se op, mar lichter no En wider teart it rút him iepen Wider iepenet him de wrâld en Wylst twa fonkelnije sielen Sweevje nei de kime Prevelet se foar har út: Lit dizzen inoar fine Lit dizzen inoar fine