Nynke Laverman - Dream lyrics

Published

0 353 0

Nynke Laverman - Dream lyrics

De trein bonkt de nacht yn De trein bonkt de nacht yn It dinderjend en ratteljend Ûnhandich widzeliet Docht syn wurk. De trein bonkt de nacht yn De trein bonkt de nacht yn It dinderjend en ratteljend Ûnhandich widzeliet Docht syn wurk. Tsjoeketsjillen fiere my It ryk fan sliepers yn. It ryk is frjemd hjoed En sûnder ein oars as Alles dat noflik is Om fêst te pakken of Nêst te sitten in Leaf gesicht Of in memmehân. De trein bonkt de nacht yn De trein bonkt de nacht yn It dinderjend en ratteljend Ûnhandich widzeliet Docht syn wurk. Tsjoeketsjillen fiere my It ryk fan sliepers yn. It ryk is frjemd hjoed En sûnder ein oars as Alles dat noflik is Om fêst te pakken of Nêst te sitten in Leaf gesicht Of in memmehân. Tsjoeketsjillen fiere my It ryk fan sliepers yn. Tiidsônes komme As miggen op my ôf En nimmen seit Hoe let Ik moat derút De trein hâldt yn- Nêst in lyts blau hûs stiest Lakest "ik bin der noch!" En swaaist. Myn hert falt teplak ik Laitsje swaai my nei dy ta Mar do swaaist Dúdliker no My út. De trein bonkt de nacht yn De trein bonkt de nacht yn Tsjoeketsjillen fiere my It ryk fan sliepers yn. De trein bonkt de nacht yn Dinderjend en ratteljend It ryk fan sliepers yn. De trein bonkt de nacht yn Dinderjend en ratteljend Ûnhandich widzeliet