Nynke Laverman - Swarte Ierde lyrics

Published

0 282 0

Nynke Laverman - Swarte Ierde lyrics

Swarte do, ik koe dy net Mar ik hongere om dyn lippen Ik hongere om dyn eagen En myn bêd wie in woastenij Swarte do, hoe koe ik witte En ay borracha It hert bliedt bloed Bliedt altyd dy Ik bin in flakte Ik bin in kaktus En de woartel is kapot Swarte do, do frijst net mear Do dûnsest mei oare dames Dyn toarst is myn wetter Myn hert is dyn deadsklok Swarte do, kom net werom En ay borracha It hert bliedt bloed Bliedt altyd dy Ik bin in flakte Ik bin in kaktus En de woartel is kapot De flesse dêr't wy fan dronken Dûnset as in spoek de nacht yn Ik lis wer op dit lege bêd Ik fal wer yn dit kâlde sân En dit is de swarte ierde Dit is swarte ierde