Nynke Laverman - Oant De Diggels lyrics

Published

0 245 0

Nynke Laverman - Oant De Diggels lyrics

Ik dichtsje hâldfêst Ik leau om't ik sjong Ik dûnsje my moed Ik dream oant it brekt As de dei har fan my ôfkeart En it ljocht út alles weilûkt As de stilte oan my skuort Rjochtsje ik myn rêch en neam my fadista En as ik dûnsje mei de sinne Swit ik my dronken fan it libben It swit, de rein en de triennen Se binne gelyk en ik wol drinke En om't ik dichtsje Sil ik leauwe Dwers troch de kolken fan fertriet En om't ik sjong Sil ik priuwe Myn tonge sear fan al it swiet En soe it libben my brekke Oant de diggels sil ik dreame