Wêrom fregest my net Hoelang't ik al wachtsje Delset oan de wei Wylst de loft yn 'e brân stiet Ik wachtsje op dy Yn it koar fan de tonger Ik wachtsje op dy Ik sjong as in slaaf Ik wit dochs wol better Ik learde al myn lessen Dronk wiisheid as wetter En noch gean ik troch hjirmei Lang, langer, langst Wachtsjend op wûnders En triljend fan eangst Wêrom seist neat Wêrom ropst net datst my fûn hast Lit my sjen wat ik dwaan kin Mei alles datst my jûn hast Kear myn binnen út Lit myn bonken my rêde Kear myn binnen út Bist al sa tichteby Kinst noch folle, folle tichter De bliksem slacht yn En de wrâld draait wylder En alles driuwt fierder En fierder útien De kop fan de hân De hân fan it hert Ien ding dat wis is Is dat ik him leafhaw De grûn dy't him draacht En de wyn dy't him keard hat En noch gean ik troch hjirmei Dei nei dei En noch gean ik troch hjirmei No't ik sein ha Dat ik dy leafha De grûn dy't dy draacht En de wyn dy't dy keard hat Haw ik dy nedich Net moarn, oait of letter Kom no op myn wei Kom no op myn wei Kom no kom no Kom no op myn wei Sjoch net wer om En nim my mei