Fier fan hûs wol ik fertelle
Fan seeën dy't griis en flaktes dy't grien
Fan boatsjeminsken en wetterwurken
Fan bôle fan sûker en huzen fan stien
Fan tsjerketuorren en rjochte linen
Fan bern dy't alles fan Sinteklaas
Fan iisferearing en oergerdinen
Wol ik fertelle fier fan hûs
Mar ûnsisber wêrom't ik
Dy manshege skonken ha
Ûnsisber de hân dy't
My stal joech en kleur
Ûnsisber bliuw ik yn stilte
Thús fan fier wol ik net prate
Oer marren fan sâlt en stoarmen fan sân
Oer blauwe minsken en ankelbonken
Oer stêden dy't sonken en seeën fan lân
Oer wolketuorren en lavastreamen
Oer bern dy't inkeld fan sinne en wyn
Oer manljusstimmen en frouljusdreamen
Wol ik net prate thús fan fier
Ûnsisber de lucht dy't
Myn ieren ferromme
Ûnsisber it stof dat
Him biet yn myn klean
Ûnsisber myn souvenir
Mar lit it sprekke
Yn stilte wêrom't
Myn skaad langer is
Myn eagen ferdjippe
En myn ribben te krap