De Kast - De hel foarby lyrics

Published

0 122 0

De Kast - De hel foarby lyrics

It wie in ferlitten frjemte, in grauwe grize gloed It fêste foele bûnzjen fan myn bloed It lûd fan iis en izer, fan wyn en waar en kjeld Fan ritmes yn in rauwe rûge hel Ferbline troch de fiere wite djipte Ferwûne troch in wrede wite wrâld De krêft dy k yn my fielde, wie de krêft die kaam fan dy As in beaken soest my liede, as in fjoer wiesto yn my Yn t tsjuster fan de ierde wiest it skynsel op myn wei Op dyn wjukken gie ik de hel foarby Fertizing, twang en twyfel, ferdwazing, pyn en striid It trage twingend tellen fan de tiid Hoe't alles yn my raasde om net mear troch te gean Doe seag ik oan de eachein dy wer stean De hel dy gie foarby mar net allinnich It krús dat draach ik op myn hert foar dy De krêft dy 'k yn my fielde, wie de krêft die kaam fan dy As in beaken soest my liede, as in fjoer wiesto yn my Yn t tsjuster fan de ierde wiest it skynsel op myn wei Op dyn wjukken gie ik de hel foarby De hel foarby Yn t tsjuster fan de ierde wiest it skynsel op myn wei Op dyn wjukken gie ik de hel foarby De krêft die kaam fan dy As in beaken soest my liede As in fjoer wiest do yn my Yn t tsjuster fan de ierde wiest it skynsel op myn wei Op dyn wjukken gie ik de hel foarby