De Kast - Eltse grins foarby lyrics

Published

0 128 0

De Kast - Eltse grins foarby lyrics

It read beskynt de greiden, de jûn falt oer de mar Dêr stean se mei har beiden en hy sjocht noch ris nei har Se stean foar harren hutte, fan pôlen, liem en reid Syn hân leit op har skurte, hy wurdt mei koarten heit It jier hast fyftjin hûndert, feroare maatskippij Se lije der net ûnder, se fiele harren frij Der is faaks wol wat geande, hy moat soms op oorlochspaad Mar wêr't se eins foar steane, no dat wurdt er nea gewaar Dochs ha se neat te kleien en al hawwe se gjin jild It iten dat se krije is de rykdom fan it fjild It jier hast fyftjin hûndert, in nije hearskippij Se bûge der net ûnder, se bliuwe altyd frij Chorus: De sinne skynt al ieuwen oer ûs lân Bringt de iere moarn, eltse dei opnij De wyn hellet noch alle dagen oan Giet fan lân nei lân, eltse grins foarby It read beskynt it kampke, de jûn falt oer de stêd Dêr boartet in lyts famke, noch in skoftsje, aanst op bêd Se jeuzelt hûndert út, de taal dy't mem har bybrocht hat Har heit ropt troch it rút dat se nei binnen komme moat It jier no hast twa tûzen, Europa dat wurdt nij It famke sjongt en dûnset en laket dan nei my Chorus