De Kast - Ik ha dy leaf lyrics

Published

0 64 0

De Kast - Ik ha dy leaf lyrics

Ik wit net asto sitst te wachtsjen Op in freunlik wurd fan my As ik dy oprop yn myn gedachten Dan wurd ik sa bliid fan dy Ik fiel it as ik dy foarby rin As ik dy sjoch, dyn stimme hear It sit yn hûnderttûzend flinters Dy't swiet sweve troch myn lea Ik ha dy leaf, myn hiele libben 't Is folle mear as hâlden fan 't Is krekt of asto yn myn bloed sitst En ik kin der neat tsjin dwaen Dyn moaie eagen lykje marren Ik kin d'r sa yn ûnder gean It is in bjusterbaarlik barren Ik krij it ek fan 't Hearrenfean Ik ha dy leaf, ik ha dy leaf, ik ha dy leaf Hwat moat ik sûnder dy 't Bin mar fjouwer lytse wurdsjes En al makket ús dat soms hwat bang Ik ha dy leaf...wol alve stêden lang Ik fiel it moarns asto wer opstiest Ik sjoch it yn in simmerske bui Ik wurd al weak asto ris fuortgiest Yn myn allermoaiste trui It is myn hân dytst samar fêstpakst As wy kuierje lâns de feart It komt ek, en dat is no it frjemde Troch soms hast hielendal neat Ik ha dy leaf, ik ha dy leaf, ik ha dy leaf Hwat moat ik sûnder dy 't Bin mar fjouwer lytse wurdsjes En al makket ús dat soms hwat bang Ik ha dy leaf...fjirtjin blommencorsos lang Ik pruw it as ik dy in tút jou Of asto lakest út alle macht Ik sjoch it as d'r wer in stjêr falt Nei it wyld frijen yn 'e nacht It is dy tinteling, dat bryske En derom bist to fan my As ik dy rinnen sjoch dan tink ik: "God, dêr giet in ingeltsje foarby" Ik ha dy leaf, ik ha dy leaf, ik ha dy leaf Hwat moat ik sûnder dy 't Bin mar fjouwer lytse wurdsjes En al makket ús dat soms hwat bang Ik ha dy leaf...twintig skûtsjes lang Ik sjoch twa âlde minsken Hân yn hân by de PC 't Is ien fan myn grutste winsken Ik ha dy leaf, ek nei de AOW 'k ha dy leaf, wat moat ik sûnder dy 't Bin mar fjouwer lytse wurdsjes En al makket ús dat soms wat bang 'k Ha dy leaf hûnderttsien keatsfjilden lang 'k Ha dy leaf 'k Ha dy leaf..... myn hiele libben lang