Op 'e lêste oere fan de middei As ús skaden al mar langer Oant it lege ljocht in reuzekeppel Delskriuwt op it droege gers, Himelhege steltrinners Statich hân yn hân
Kening keninginne fan In machtich steppelân, Stean wy te sjen Stom en ferbjustere Nei ús leafde Hjir fertoand Op wiere grutte.