Al wiken ûnderweis beweech ik my fierder fan dy ôf rek ik ús leafde út al wiken ûnderweis fier ik de spanning fierder op rek ik ús leafde út Do hingest my al dagen om it hert al dagen leist my dwersoer yn it liif de gieren skriuwe tekens yn 'e loft en ik moat witte oft it der noch is do hingest my al dagen om it hert flústerest my riedsels yn it hier skriuwst mei swarte wjukken tekens yn 'e loft en ik moat witte oft it der noch is Al wiken ûnderweis beweech ik my fierder fan dy ôf rek ik ús leafde út al wiken ûnderweis
fier ik de spanning fierder op rek ik ús leafde út Do hingest my al dagen om it hert al dagen leist my dwersoer yn it liif de gieren skriuwe tekens yn 'e loft en ik moat witte oft it der noch is do hingest my al dagen om it hert flústerest my riedsels yn it hier skriuwst mei swarte wjukken tekens yn 'e loft en ik moat witte Binne wy deselde no't de rûning fan de ierde ús it sicht benimt op wa't wy tegearre wiene Al wiken ûnderweis mar hjoed sille wy ús nammen sizze sil ik witte oft it der noch is